Dûbelslach Jan Bos

03 aug 2008 - 20:43
  • Jan Bos: winst yn Dalen en Usquert

Hurdfytser Jan Bos fan Nijhoarne wie snein de bêste yn it kritearium fan Usquert. Mei Marco Bos fan Roden en Johan Procee fan Grins - earder fan Burgum - waard it peloton op in rûntsje achterstân set. Yn de finale wie Jan Bos dúdlik de rapste foar de oare Bos en Procee. Fokke Postma fan Drachtsterkompenije waard sechsde.

Foar Jan Bos wie it al de twadde oerwinning binnen 24 oeren. Sneontejûn wie hy ek de rapste yn Dalen. Troch de dûbelslach stiet de teller no op fiif.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)