Dûbelslach famylje De Vries

08 des 2007 - 23:20
  • Bob en Elma de Vries (foto: Martin de Jong)

Bob de Vries fan De Haule hat de tsiende maraton om de KNSB Cup wûn. Yn Deventer wie hy de rapste yn de massasprint. Syn ploechmaat Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap waard twadde. Bob de Vries bliuwt lieder yn it klassemint, Stroetinga is twadde. Earder op de jûn hie Elma de Vries, suster fan Bob, de maraton by de froulju wûn. It wie al wer har fiifde oerwinning. Boppedat naam Elma de lieding oer fan Maria Sterk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)