Dûbele wrâldtitel foar Advendo

29 jul 2013 - 06:54
  • Advendo op WMC
  • Advendo
  • Advendo op WMC

Showkorps Advendo út Snits hat snein by it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade twa wrâldtitels pakt. Jong Advendo waard earste yn de 1e divyzje fan it ûnderdiel marsparade. Op itselde ûnderdiel wie der goud foar it senioarekorps yn de wrâlddivyzje. It Pasveerkorps út Ljouwert einige as twadde efter de Snitsers, folge troch Showband Takostu út Stiens dy't tredde waard.

Pasveer pakte in 7e plak yn de wrâlddivyzje op it ûnderdiel show. Yn de 1e divyzje fan it showûnderdiel wie der in twadde plak foar it North Frisian Percussion Corps út Dokkum

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)