Dûbele winst foar Marit Bouwmeester op wrâldbekerwedstriden

11 jun 2015 - 15:45
  • Marit Bouwmeester

Sylster Marit Bouwmeester út Warten docht goede saken op de wrâldbekerwedstriden yn it Britske Weymouth. Tongersdei hat se ek de tredde en fjirde race wûn yn de Laser Radial-klasse. Woansdei waard se by de earste twa wedstriden ek al earste.

Troch de dûbele winst fan tongersdei giet de Fryske wrâldkampioene stevich oan kop yn it algemien klassemint. Freed en sneon sylt Bouwmeester noch fjouwer races. Snein stean de ôfslutende medailleraces op it program.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)