"Dûbele rige by Ofslútdyk smyt net genôch megawatt op"

30 nov 2014 - 12:01

In dûbele line-opstelling fan wynmûnen by de Ofslútdyk del, sil mooglik net genôch megawatt oan wynenerzjy opleverje. Dat seit deputearre Hans Konst yn in reaksje op it nije stânpunt fan it CDA. Fryslân hat it Ryk tasein om 530 megawett oan wynenerzjy te leverjen.

Yn in ledegearkomste hat it CDA sneon besletten dat der allinnich mar nije wynmûnen op in lange rige by de Ofslútdyk del komme moatte, en net as wynpark yn de Iselmar. Dêrmei wykt de partij ôf fan it plan fan deputearre steaten, dêr't it CDA earder mei ynstimd hat.

It kolleezje fan deputearre steaten hat it foarstel dien om wynmûnen te pleatsen yn de Iselmar en op de kop fan de Ofslútdyk. Dat it CDA it dêr no net mear mei iens is, kin de koälysje fan PvdA, FNP en CDA yn gefaar bringe. Deputearre Konst wol dêr lykwols net op foarútrinne. Hy neamt it 'spannend', mar fynt in goed beslút foar wynmûnen yn Fryslân belangriker.

Op 3 desimber praat de steatekommisje oer de wynmûnen en op 17 desimber nimme provinsjale steaten in beslút oer de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)