Dûbele moard skok foar Portugal

09 maaie 2001 - 00:00

De moard op it echtpear út Menaam is grut nijs yn Portugal. It echtpear waard snein fûn yn de bergen op de grins fan 'e Algarve en de Alentejo yn in rêstige, net-toeristyske streek. De streek stiet net bekend as gefaarlik foar toeristen.

Foar de plysje fan Faro is de dûbele moard noch in grut mystearje. De autoriteiten wurkje gear mei Europol en de Nederlânske plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)