Dûbelde jiskewein faker ynset

10 maaie 2007 - 14:26

De jiske-auto dy't de grize en de griene container yn ien kear leget, wurdt yn mear gemeenten ynset. Dat hat Fryslân Miljeu bekendmakke. Dy hellet smoargens op yn santjin Fryske gemeentes en yn fjouwer dêrbûten.

De dûbelde lader wurket helte flugger as de âlde jiskewein. Hy wurdt al yn fjouwer Fryske gemeenten brûkt. Dêr wurde no net tûzen, mar 1600 containers deis lege. It tal banen is omdel gien fan 180 nei 170.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)