"Dûbel gefoel oer Parsepriis"

10 feb 2013 - 08:48
  • Jan Wagenaar (l) en Sjoerd Hoekstra (r) fan De Westereen en Aldwâld

It winnen fan de Fryske Parsepriis jout de foarsitters fan doarpsbelang De Westereen en Aldwâld in dûbel gefoel. Jan Wagenaar fan De Westereen en Sjoerd Hoekstra fan Aldwâld krigen de priis sneontejûn yn Ljouwert, fanwege har kontakten mei de parse doe't bekend waard dat Jasper S. fan Aldwâld oanhâlden wie foar de moard op Marianne Vaatstra. De foarsitters fan de doarpsbelangen beskôgje it krijen fan de priis as in eare foar har doarpen. Mar wat oerhearsket is dat it winnen fan de priis ferbûn is mei de tragyk fan de saak Vaastra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)