'Dualisme wurket noch net'

12 apr 2003 - 00:00

De duale wize fan bestjoeren yn gemeenten en de provinsje sil nea goed fan de grûn komme mei de sittende politisi. Dat sei heechlearaar Engels fan de RUG freed by in diskusjedei op de Thorbecke Akademy yn Ljouwert.

Engels is in kollega fan Douwe Jan Elzinga, de betinker fan it dualisme. Dêrby is it bestjoer yn it kolleezje loskeppele fan de gemeenteried. Neffens Engels hâlde de riedsleden faak noch de eigen wethâlder de hân boppe de holle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)