Dualisme hat net folle ynfloed

23 apr 2004 - 00:00

It riedswurk is net feroare sûnt de ynfiering fan it dualisme. Dat fine riedsleden út acht gemeenten yn 'e Súdwesthoeke. De kolleezjes fan B en W binne it dêr alhiel net mei iens. Dat is ien fan de konklúzjes út in ûndersyk ûnder sechtich riedsleden en bestjoerders yn 'e Súdwesthoeke.

It rapport waard tongersdei presentearre op de tredde Súdwesthoekedei. Der wiene workshops om better omgean te learen mei dualisme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)