DS stipet plan foar tunnel yn nije A7

24 jun 2015 - 13:47

De kâns is grut dat der in tunnel komt op it plak dêr't de Hollandiastrjitte tusken De Jouwer en Skarsterbrêge de nije A7 krúst. Deputearre Steaten stypje in moasje fan de FNP hjiroer. Earder wie keazen foar in fiadukt om't dat goedkeaper is. Omwenners en oare belanghawwenden wolle graach in tunnel.

It ferkear giet al troch in tunnel ûnder de A7 troch, mar de sneldyk komt aanst op in oar plak te lizzen. De kar tusken tunnel en fiadukt spilet by de oanlis fan it nije knooppunt by De Jouwer. De ried fan De Fryske Marren praat der noch oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)