DS: prate oer Vitens-oandielen

24 maaie 2006 - 13:23

Deputearre Steaten wolle ûnderhannelje oer de oankeap fan oandielen yn wetterbedriuw Vitens. Neffens deputearre Ploeg is de festiging fan Vitens yn Ljouwert wichtich foar de wurkgelegenheid. Dat skriuwt it kolleezje oan de steateleden.

De provinsje hat de mooglikheid om oandielen Vitens oer te nimmen fan Nuon. It enerzjybedriuw wol har pakket fan hast 87 miljoen ôfstjitte. Mooglik nimt de provinsje in belang fan 12%.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)