DS lûke oantal besunigings yn

10 des 2003 - 00:00

It Frysk Sintrum foar de film, de Fryske Miljeufederaasje en de Monumintewacht hâlde har subsydzje fan de provinsje. Deputearre Steaten lûke de oankundige besunigings foar de trije ynstellings yn.

Ut de ynstellings sels wei, provinsjale steaten en de mienskip binne de lêste wiken in soad protestlûden tsjin de besunigings kommen. De oare besunigings bliuwe wol oerein. De Steaten beslute nije wike woansdei oer it pakket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)