DS komme mei nij ferkearsplan

17 nov 2005 - 10:20

De provinsje stelt fêste tiden yn foar it laden en lossen fan frachtauto's yn de gruttere plakken yn Fryslân. Dat stiet yn it Provinsjale Ferkears -en Ferfiersplan. Dêr binne ek ideeën yn opnaam fan minsken dy't op de provinsjale diskusjejûnen west ha.

De Steaten nimme yn febrewaris in definityf beslút oer alle takomstige ferkearsmaatregels. Dan giet it bygelyks om de chipkaart foar it iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)