DS hâldt Ynspeksje net tsjin

10 des 2000 - 16:25

It provinsjebestjoer komt noch net yn aksje tsjin it ferdwinen fan de Underwiisynspeksje út Fryslân. Dat antwurdet Deputearre Steaten op fragen fan de FNP.

DS ljochtet ta dat mei 16 wurknimmers de Ynspeksje gjin grutte wurkjouwer foar Fryslân is. De provinsje hat wol tasein der om te tinken dat de ynspekteurs yn Fryslân wenjen bliuwe en dat se it Frysk yn de macht hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)