DS: gjin flaters mear

19 sep 2012 - 20:15

De provinsje sil foarkomme dat der opnij flaters makke wurde by de ûnteigening fan grûn foar de oanlis fan diken. Dat hat deputearre Sietske Poepjes de steaten tasein. Ut ûndersyk fan de Kroan, it heechste orgaan fan de útfierende macht, docht bliken dat der ûnsoarchfâldich hannele is by de grûnûnteigening foar de oanlis fan de Sintrale As, de dyk fan Dokkum nei Nyegea. Deputearre steaten krige in moasje fan ôfkarring, mar dy helle gjin mearderheid yn de steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)