DS: 'Fertraging mar healjier'

provinsjehûs

De fertraging by de oanlis fan de nije provinsjale dyk troch De Lemmer sil net grutter wêze as in healjier. In definityf beslút dêroer wurdt nommen yn novimber fan dit jier. Dat skriuwt it kolleezje fan DS yn antwurd op fragen fan de VVD en de ChristenUnie. Dizze beide partijen fine it spitich dat it wurk oan de dyk begjin desimber stillein is, om't der besunige wurde moat. Neffens it kolleezje geane de amtlike tariedings wol gewoan troch.

It oanlizzen fan de nije dyk, mei in akwadukt, rotondes en fytsbrêgen bliuwt ek heech op de aginda. De kosten wurde rûsd op goed 37 miljoen euro. Dêrfan is noch mar de helte binnen.


Besjoch ek...

22 feb 2012 - 12:32
21 feb 2012 - 10:02
19 feb 2012 - 15:57
15 feb 2012 - 19:57
14 feb 2012 - 16:30

(advertinsje)

(advertinsje)

(advertinsje)

Reade Tried

144 is in segen:

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl