DS ferantwurdlik foar flaters

17 okt 2012 - 10:56

Deputearre Steaten nimme de folle ferantwurdlikens foar de flaters dy't makke binne by it grûnbelied tusken 2007 en 2010. Yn in brief oan de Steaten skriuwe se dat se de swiere krityk yn it rapport dat de Rekkenkeamer makke oer dat belied tige serieus nimme. It kolleezje betreuret fierder dat it byld ûntstien is as dat se it rapport ôfwize.

De Noardlike Rekkenkeamer hat swiere krityk op it grûnbelied fan de provinsje. Der is tefolle grûn kocht en ek nochris fierste djoer. By guon grûnoankeapen soe it mooglik ek gean om Steatsstipe.

It kolleezje fan Deputearre Steaten nimt gjin ôfstân fan it fierde belied om't dat is yn 2007 sa ôfpraat is mei de Steaten. Al jout it kolleezje ta dat de bestjoerlike oanstjoering te winskjen oerliet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)