DS beslute definityf oer NUON

16 apr 2009 - 15:59

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe definityf in beslút naam om de NUON-oandielen te ferkeapjen oan it Sweedske Vattenfall. De ferkeap smyt de provinsje 1,3 miljard euro op. It jild wurdt taheakke oan de reserves.

De provinsje kiest foar Vattenfall, omdat by dat bedriuw de duorsumens foarop stiet. Vattenfall set bygelyks bot yn op de bou fan wynmûnen. De provinsje Fryslân sjocht wol wat yn in wynmûnepark boppe de Waadeilannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)