DS akkoart mei SWH-gemeente

29 maaie 2009 - 12:08
  • Posityf advys nei Den Haach

De provinsje giet akkoart mei de nije Súdwesthoekegemeente. Deputearre Steaten wolle steatssiktaris Bijleveld fan binnenlânske saken posityf advisearje oer de weryndieling.

DS fynt lykas de gemeenterieden fan Boalsert, Nijefurd, Snits, Wûnseradiel en Wymbritseradiel dat mei in fúzje it lokaal bestjoer yn Súdwest-Fryslân fersterke wurdt. De fiif gemeenten binne neffens de provinsje op it mêd fan romte, ekonomy, lânskip en maatskippij hast itselde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)