Dryltser slimferwûne by ûngelok

12 maaie 2005 - 11:02

In 24-jierrige man út Drylts is woansdei slimferwûne rekke by in auto-ûngelok yn Tsjerkgaast. Op de Strjitwei ried er tsjin in beam oan. De auto siet alhiel om de beam hinne teard en de man koe syn fuotten net los krije. De brânwacht hat him út de auto weihelle.

Mei de traumahelikopter is de ferwûne man oerbrocht nei sikehûs MCL yn Ljouwert. De man hie in kniesd hert, stikkene ribben en in ynklapte long.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)