Dryltser oppakt nei kafeerûzje

15 des 2013 - 10:54
  • Geweld

In man fan 32 jier út Drylts is sneontenacht oanhâlden nei fjochterij yn in kafee yn Boalsert. Hy soe de baas fan it kafee mei in glês yn 'e hân stutsen hawwe en mei in bierflesse yn it gesicht slein.

De 32-jierrige man koe op strjitte oanhâlden wurde, neidat er oanwiisd wie troch tsjûgen. Hy wie sels ek ferwûne rekke en moast yn it sikehûs behannele wurde. De man is dêrnei ynsletten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)