Dryltser game razendpopulêr by pjutten yn Sina en Amearika

10 jul 2015 - 20:29
  •  Jop Wielens mei syn app 'Moppa Ice Cream'

Dryltser Jop Wielens hat in razendpopulêr spultsje op de merk brocht. De app 'Moppa Ice Cream' is binnen fjouwer dagen al mear as 4000 kear delhelle.

Opmerklik is dat de app foaral in Sina en Amearika in soad spile wurdt. Dêrmei komt foar Wielens in beleaning foar rom in jier wurk oan de digitale game.

De app kin op iPhone, iPad en Android tillefoans spile wurde en is bedoeld foar bern tusken de trije en fiif jier.

Bern moatte iisko's meitsje fan ferskate kleuren en kinne dêrnei de iisko's fersiere. Neffens Wielens giet it om 'digitaal boartersguod'. It giet dêrby net om winnen of ferliezen, mar om it kreatyf dwaande wêze.

Wielens en syn kompaan Graham Lewis út Sydney binne mei harren bedriuw 'Moppadop' yntusken al drok dwaande mei it betinken en meitsjen fan in ferfolchspul.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)