Dryltser fluitet Europeeske follybalfinale

28 jul 2015 - 08:23

Dit wykein is yn Poalen de finale fan de Wrâld Grand Prix yn it follybal. Dat is in prestizjeus kampioenskip. Ien fan de skiedsrjochters dêr is Koos Nederhoed fan Drylts. Nederhoed hat fiif jier ûnderfining mei it fluitsjen fan Europeeske wedstriden en is tige optein oer it fluitsjen fan dizze wichtige wedstriid.

Follybal is yn Poalen in populêre sport. Nederhoed ferwachtet dan ek in moaie finale mei in soad publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)