Drylts krijt fiif nije wenten

26 feb 2009 - 17:10

De gemeenteried fan Wymbritseradiel is akkoart gien mei de bouplannen fan fiif nije wenten yn Drylts. De wenningen komme yn ien gebou op de lokaasje Sudergowei en Dassenboarch. Utgongspunt is dat de boufoarm en omfang passe by de omlizzende wenten.

De wenningen binne benammen bedoeld foar âlderen en starters. De ferwachting is dat healwei 2010 fan start gien wurdt mei de bou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)