Drylts hat nij karbidkanon

31 des 2009 - 10:09
  • It nije kanon fan Drylts
  • Ek karbidsjitten yn Skearnegoutum

It karbidteam yn Drylts sil tongersdei mei twa kanonnen karbidsjitte op it yndustryterrein fan Drylts. Ien kanon hat in ynhâld fan 173 liter. De oare is in nagelnij kanon fan 246 liter.

Sûnt septimber hat it team dêroan boud. Neffens de bouwers kin it kanon kantelje en yn alle stannen stean. Ek brûke se in spesjale metoade om it oan te stekken mei karbidfergassers. Dêrtroch kinne se likefolle leven meitsje as oare plakken dêr't se gruttere kanonnen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)