Drylts harsenskrabbet oer bestimming gemeentehûs

11 mrt 2016 - 08:31
  • It gemeentehûs fan Drylts

In foarsjenning foar âlderein. Of jongerein. Of kantoaren foar ûndernimmers. Dat binne in pear fan de ideeën dy't ynwenners fan Drylts tongersdei oandroegen as nije ynfolling foar it gemeentenhûs. Dat slút meikoarten, omdat de amtners nei it gemeentehûs yn Snits ferhúzje.

De gemeente hat Stadsbelang IJlst frege om mei in plan foar it gebou te kommen. Dat moat op syn lêst juny takom jier klear wêze. Tongersdei wie in earste gearkomste mei ynwenners fan Drylts om te ynventarisearjen hokker ideeën der foar it gemeentehûs binne.

Der kamen sa'n fiiftich minsken op de gearkomste ôf. Stadsbelang IJlst hopet de kommende tiid noch mear reaksjes te krijen. Yn it begjin fan de simmer wolle se beslute hokker plannen se fierder útwurkje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)