Drukkerij yn Drachten fallyt

24 okt 2012 - 12:47

Drukkerij Folkertsma De Vrije Vries yn Drachten is fallyt ferklearre. It bedriuw bestiet mear as hûndert jier en der wurkje sân minsken. Neffens de kurator hat de drukkerij slim te lijen hân fan goedkeape konkurrinten dy't harren tsjinsten oanbiede op ynternet.

It bedriuw draaide al in skoft mei ferlies. De skulden binne no oprûn ta 300.000 euro. De winkel fan de drukkerij sit yn in histoarysk gebou oan de Súdkade yn Drachten, Hy bliuwt noch wol eefkes iepen, sadat besteld drukwurk ophelle wurde kin. De kurator ûndersiket in trochstart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)