Drukkerij Telenga oernaam

13 mrt 2013 - 17:02

De druk- en printaktiviteiten fan de fallite drukkerij Telenga wurde oernaam troch de SMG Groep yn Hasselt. Dat betsjut dat de aktiviteiten yn it besteande gebou fan drukkerij Banda op It Hearrenfean foarearst trochgean kinne. Mooglik kinne 10 minsken oan it wurk bliuwe. Telenga gie ein ferline moanne oer de kop as gefolch fan in oerkapasiteit yn de grafyske sektor. It bedriuw hie sels yn koarte tiid in soad oare drukkerijen oernaam, wêrûnder Banda op It Hearrenfean.

De SMG Groep woe al langer aktyf wurde yn it Noarden fan it lân. De nije namme wurdt SMG Banda-Telenga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)