Drukkerij Telenga fallyt

27 feb 2013 - 12:08

It fallisemint fan drukkerij Telenga, mei in haadfestiging op It Hearrenfean, is oanfrege. It personiel is woansdei op 'e hichte brocht. Neffens krisis-manager Folkert Fennema is der yn de grafyske sektor sprake fan oerkapasiteit. In protte bedriuwen besparje yn dizze krisistiid op folders en oar printwurk. In noch te beneamen kurator sil besjen oft Telenga, yn ôfslanke foarm, in trochstart meitsje kin. Telenga hat de lêste tiid in protte drukkerijen oernommen. De meast resinte wie Banda op It Hearrenfean. Der wurkje 45 minsken by it bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)