Drugsynfal yn Frjentsjer

13 jun 2014 - 14:50
  • Drugs

De plysje hat tongersdei yn Frjentsjer in ynfal dien yn in wente oan de Professor Andalastrjitte. De plysje hie oanwizings dat der hannele waard yn drugs. Foardat de plysje de ynfal die, waarden al ferskate minsken dy't de wenning út kamen kontrolearre. Trije fan harren hiene drugs kocht. Hjirby wie ek in jonge fan 15 jier.

By de úteinlike ynfal waarden in frou fan 60, en twa manlju fan 57 en 33 jier oanhâlden. Yn de wenning fûn de plysje ûnder oare kokaïne en himp. Ek is der twatûzen euro oan kontanten yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)