Drugssjauffeur oppakt

29 des 2009 - 11:03

In man fan 40 is moandei op It Fean oanhâlden omdat er ûnder ynfloed fan drugs achter it stjoer siet. Surveillearjende plysjes seagen de man hiel hurd foarbykommen en setten him oan de kant. By kontrôle die bliken dat er noch in boete iepenstean hie.

De man moast mei nei it buro. Yn de auto en de klean fan de man fûn de plysje speed. Dêrnei is in bloedproef dien. De man ried sûnt novimber al sûnder rydbewiis, omdat dat doe al yn beslach naam wie. Hy is fêstset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)