'Drugssaken bliuwe lizzen'

30 sep 2010 - 17:23

Grutte ûndersiken nei drugs en fraude yn Fryslân bliuwe lizzen. Dat komt troch de ekstreme drokte dy't de Fryske plysje hat mei it ûndersykjen fan moardsaken yn 'e provinsje. Dat seit plakferfangend korpssjef Max Daniel.

Swiere ûndersiken lykas yn Frjentsjer en Nij Beets kostje in soad minskkrêft. Sadwaande komme ûndersiken nei berôvings, drugssaken en kriminele organisaasjes út East-Europa faai te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)