Drugsromte ropt ferset op

26 nov 2004 - 12:49

Bewenners en winkellju oan 'e Tunen yn Ljouwert binne tsjin de komst fan in drugsromte. It kostet harren klanten en de huzen wurde minder wurdich.

De gemeente hat de âlde plannen foar in 'gebrùkersromte' oan 'e Tunen wer út 'e iiskast helle. Neffens de bewenners en de winkellju is it imago foar it grêftsje krekt wer wat positiver wurden. Se sille alle war dwaan om de komst op te kearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)