Drugsrider oanhâlden

01 feb 2008 - 10:01
  • "Drugsrider oanhâlden"

In man (31) fan it Hearrenfean is tongersdei troch de plysje oanhâlden omdat er ûnder ynfloed fan drugs achter it stjoer siet. De man foel op omdat in achterljocht it net die.

Yn 'e auto fûn de plysje in pûdsje wiet en yn de bûse fan 'e man sieten ferskate pûdsjes speed. Doe't de plysje syn wenning kontrolearre waard 35 gram speed fûn. De man is oerbrocht nei it plysjeburo, syn rydbewiis is ynnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)