Drugsoanhâldings yn Frjentsjer

07 apr 2009 - 09:57

De plysje hat yn Frjentsjer en Seisbierrum seis minsken oanhâlden fanwege hannel yn en brûken fan drugs. De plysje wie tipt dat der fanút in hûs oan it Ankerplak yn Frjentsjer hannele waard yn drugs.

De 18-jierrige bewenner en syn freondinne fan 17 út Sint Anne binne oanhâlden. By de jonge thús waard neat fûn, mar by it famke wol. Sij hie pillen, in flesse GHB en grûnstoffen foar GHB yn 'e hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)