Drugsoanhâlding yn Ljouwert

01 jan 2010 - 12:02
  • De man wie ûnder ynfloed fan GHB en is oerbrocht nei it plysjeburo

In 29-jierrige ynwenner fan Ljouwert is tongersdeitejûn op it Noardfliet oanhâlden omdat er drugs by him hie. De plysje krige in melding dat der in man net goed wurden wie, mar doe't se op it Noardfliet oankamen seagen se in man wyld springend en baltend op it fytspaad stean. Dúdlik waard dat de man ûnder ynfloed fan GHB wie.

Yn plak fan nei it sikehús, waard de man oerbrocht nei it plysjeburo en dêr ynsletten foar ferhoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)