Drugsnetwurk oprôle

10 sep 2006 - 11:15

Twa Friezen binne oanhâlden om't se belutsen binne by in grutte drugssaak. It giet om in man út Drachten dy't by syn oanhâlding sân kilo amfetamine by him hie. In oare Fries waard oanhâlden yn Moldavië. Yn totaal binne der acht minsken oanhâlden.

Yn Wynjewâld is in masine yn beslach naam foar it meitsjen fan xtc-pillen. Ek binne der jerrycans mei gemykaliën, administraasje, twa neppistoalen en kompjûters yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)