Drugslab yn Rûgehuzen

20 jun 2002 - 00:00

De plysje hat tongersdei yn Rûgehuzen in amfitaminelaboratoarium oprôle. Trije fertochten binne oanhâlden, in man út Rûgehuzen en twa Brabanners. De plysje kaam de lêste twa oer it mad by it útfieren fan labwurk. Der wie sprake fan in tige gefaarlike situaasje, want op it lab waard wurke mei gasbranders. Mei de gemyske stoffen dêr hie de boel ûnploffe kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)