Drugskontrôle foar boatreis

13 jul 2014 - 10:35

By in drugskontrôle yn de haven fan Harns hat de plysje freed njoggentjin jongeren trappearre op it yn besit hawwen fan drugs of drank. Alle jeugd waard kontrolearre, doe't se op de boat nei ien fan de Waadeilannen stapten. Njoggen minderjierrigen hiene softdrugs by harren, twa hiene sterke drank en ien koe him net legitimearje. De jongste fertochte wie 15 jier.

Fierders waarden seis folwoeksenen trappearre op it besit fan softdrugs en ien waard pakt mei harddrugs. Dy binne yn beslach naam. De jongeren moasten in boete betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)