Drugshannelers by Snits pakt

14 sep 2011 - 10:17

De plysje yn Snits hat tiisdeitemiddei twa drugshannelers oanhâlden. It giet om in man (20) fan Urk en in man (24) sûnder fêst wenplak. De mannen gedroegen harren fertocht en waarden lâns de A7 oan de kant set.

Yn de auto fûn de plysje in grut jildbedrach en 56 boltsjes heroïne en kokaïne. De 24-jierrige moast boppedat noch in boete fan 580 euro betelje. It guod en de auto binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)