Drugshannelers oanholden nei tip

16 mrt 2006 - 23:12

Oan de Aggemastate yn Ljouwert binne ferline wike 13 minsken oppakt yn ferbân mei drugshannel en wapenbesit. De plysje hie in tip krigen dat der yn it hûs yn kokaïne hannele wurde soe.

Neidat it hûs in skoft yn de gaten hâlden wie, waard ferline wike in ynfal dien. By ferskate fan de minsken dy't oanhâlden binne, waard drugs fûn. Yn it hûs sels waarden kokaïne, fjoerwapens en in flesse GHB fûn. De bewenner is foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)