Drugsgebrûk opfangsintrum Reik

31 mrt 2014 - 17:14
  • Alder hellet soan út opfangsintrum Reik fanwegen drugsgebrûk

Op in Ljouwerter lokaasje fan opfangsintrum Reik wurde drugs brûkt en ferhannele. Dat seit Dirkje Blokzijl fan De Gordyk. Har soan hat in pear dagen wenne yn it opfangsintrum foar probleemjongeren mei in licht ferstanlike beheining.

De drugsproblematyk is de reden dat se har soan dêr weihelle hat. Hy siet in pear dagen yn de opfang. Sûnt ôfrûne freed wennet de soan fan Dirkje wer thús. Hy wie út hûs pleatst fanwegen agresje en gedrachsproblemen. Blokzijl is bang dat de problemen by de opfang allinnich mar slimmer wurde.

Direkteur Dytmer Hettinga fan Reik jout ta dat jongeren yn it opfangsintrum mei drugs eksperimintearje. Hy is der lykwols fan oertsjûge dat der net yn drugs hannele wurdt.

Hettinga begrypt de soargen en emoasjes, mar seit dat it dreech is om drugs hielendal bûten de doar te hâlden. Hy seit der alles oan te dwaan om foar te kommen dat it út de hân rint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)