Drugsferslaafde yn de war

28 nov 2011 - 10:44

De plysje hat snein op 'e Jouwer in 31-jierrige ynwenner fan Sint Nyk oanholden. By de plysje wie in melding kaam dat der in man troch de tunen fan wenhuzen oan de Blaauwhofleane rûn. Doe't de plysje dêr kaam, seagen se de man folslein yn de war op strjitte rinnen. De plysje woe de man nei famylje ta bringe, Underweis yn de plysjeauto begûn de man te skoppen, te slaan en te flybjen.

In dokter dy't ynskeakele waard, bepaalde dat de man nei it sikehûs moast. Dêr is er opnaam. De man is drugsferslaafd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)