Drugsferpakker út Appelskea pakt mei 7 kg drugs

08 maaie 2015 - 12:29

In 37-jierrige man út Appelskea is yn Grins oanhâlden. De man wie mei twa oare manlju út dy stêd drugs oan it ferpakken.

De plysje hie in tip krigen dat yn it wente oan de Slachthuisstraat yn Grins drugs lei. Dêr kaam de plysje it trijetal oer it mad. Yn de wente lei 6 kilo himp en 1 kilo hasj. De drugs binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)