Drugsdealers oppakt op It Fean

14 jun 2007 - 10:47

De plysje hat woansdeitemiddei op It Hearrenfean twa Drachtsters fan 21 jier oanhâlden foar it dealen fan harddrugs. In tsjûge hie sjoen dat de man en de frou drugs ferkochten yn de stasjonstunnel en warskôge de spoarweiplysje.

By de oanhâlding die bliken dat de Drachtsters 86 boltsjes kokaïne en flink wat jild by har hiene. It jild en de drugs binne yn beslach nommen. Beide fertochten sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)