Drugsdealers It Fean oppakt

08 jul 2011 - 10:13

De plysje hat tongersdei op it Gashoudersplein op It Hearrenfean twa ynwenners fan dat plak oanhâlden omdat se yn drugs hannelen. Omwenners hiene dêr oer klage. Plysjes dy't te plak kamen seagen dat de iene man drugs ferkocht oan de oare. Doe't se klear wiene, griep de plysje yn.

Doe't se de twa fûljearren, fûnen se in buiske en wat pûdsjes mei speed. De drugshanneler hie in jildbedrach by him, dat waard yn beslach naam. Beide manlju binne meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)