Drugsdealer oppakt op Weaze

28 sep 2010 - 10:20

De plysje hat moandei op 'e Weaze yn Ljouwert in 19-jierrige man út Sint Anne oanhâlden om't er harddrugs by him hie. De man foel op om't er him fertocht gedroech. Plysjeminsken seagen dat er eefkes prate mei in oare man. Dêrom tocht de plysje dat er oan it dealen wie.

By it fûillearjen waarden 32 boltsjes kokaïne en alve boltsjes heroïne by de man fûn. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)