Drugsdealer oppakt op 'e A32

17 jan 2008 - 10:31
  • "Drugsdealer oppakt op 'e A32"

In ynwenner fan Drachten (36) is woansdei troch de plysje oppakt foar drugs. Dat barde by in kontrôle op 'e A32. Yn syn auto fûn de plysje ferskate pûdsjes mei drugs. It giet om wyt, kokaïne en heroïne.

Neffens de Drachtster wiene de drugs foar eigen gebrûk. Mar letter waard by him thús spul fûn dat brûkt wurdt foar de ferkeap fan drugs. De Drachtster is troch de plysje fêstset foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)