Drugsbrûkers net goed wurden yn Ljouwert

11 aug 2015 - 14:19

De plysje yn Ljouwert is moandeitemiddei en moandeitenacht drok west mei minsken dy't tefolle drugs brûkt hiene. In 39-jierrige Ljouwerter waard net goed op it fytspaad yn de J.H. Knoopstrjitte. Al gau die bliken dat de man ûnder ynfloed wie fan drugs. Nei't de man ûndersocht wie troch meiwurkers fan de ambulânse, hat in buorman him meinaam nei hûs. In 60-jierrige man út Coevorden lei út de tiid op de Verkortewei. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

In 30-jierrige man fan It Hearrenfean waard net goed yn de trein nei't hy GHB brûkt hie. In ambulânse hat de man fan it stasjon yn Ljouwert oppikt en nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)